Wy stelle de rie foar om út te sprekken, dat:
• de gemeente Hearrenfean fertrouwen hat yn de krêft fan gebietsrjochte gearwurking;
• ynwenners en ûndernimmers yn it gebiet perspektyf fertsjinje op in ekonomysk fitaal, leefber en takomstbestindich feangreidegebiet;
• de gemeente in aktive en konstruktive partner bliuwe wol yn de fierdere ûntwikkeling fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen.
Wy fersykje it kolleezje om:
1. yn de oankundige begruttingswiziging eksplisyt omtinken te jaan oan de fuortgong en fierdere útwurking fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen;
2. begryplik yn byld te bringen hokker rol de gemeente Hearrenfean de kommende jierren ferfolje wol binnen it gebietsproses en hokker stipe dêrfoar nedich is;
3. tegearre mei de belutsen partners yn byld te bringen hokker ferfolchstappen nedich binne om ta útfiering fan de útkomsten fan it gebietsproses te kommen, ynklusyf in globale foarútsjoch op de dêrfoar needsaaklike middels en mooglike finansieringsboarnen;
4. de ried hjir op 'e tiid oer te ynformearjen, sadat takomstige finansjele karren soarchfâldich meinommen wurde kinne yn de reguliere planning- en begruttingssyklus.